'Foppe ek bûnscoach Oranje'

De Haan moat Van Basten opfolgje, fine de fuotbalfans.
It Nederlânske fuotbalpublyk hat in soad betrouwen yn bûnscoach Foppe de Haan. Hast 75 % fan de fuotbalfans sjocht yn De Haan de ideale opfolger fan Marco van Basten as bûnscoach fan it grutte Oranje. Dat docht bliken út in peiling fan Maurice de Hond.
Van Basten hoecht net gelyk fuort. De helte fan de dielnimmers oan de enkête fynt dat hy bliuwe moat oant en mei it EK yn Switserlân en Eastenryk fan 2008. Dêrnei moat Foppe it oernimme.