Meeter skûtsjeskipper Ljouwert

25 jun 2007 - 21:37

Jappie_Meeter fan de Westerein wurdt de nije skipper fan it_Ljouwerter_skûtsje. Meeter nimt it helmhout oer fan de opstapte Ulbe_Zwaga. Dy gie fuort fanwege in knokpartij yn in restaurant op it Starteilân by Snits.

Moandei hat it bestjoer fan de SKS tastimming jûn foar it oanstellen fan Meeter as nije skipper. Meeter wie earder al adviseur fan it_Ljouwerter_skûtsje. Dêrfoar wie er aktyf as skipper by de IFKS.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)