Oefening by Ljouwerter sikehûs

© Omrop Fryslân
Artsen fan de ôfdielingen Spoedeaskjende Help fan de noardlike sikehûzen hâlde woansdei in grutte oefening by it sikehûs yn Ljouwert. Doel fan de oefening is de artsen sjen te litten hoe't de helpferliening by in ferkearsûngelok ferrint. De artsen soenen dêrtroch har wurk yn de sikehûzen ferbetterje kinne.
Oan de oefening dogge ek de brânwacht en ambulances mei. Neist de oefening is der ek teoryles yn it sikehûs.