Rapport takomst Waadgebiet

25 jun 2007 - 17:53

Acht natuerorganisaasjes en fjirtjin ûndersyksynstellings hawwe de krêften bondele yn it rapport 'Het Tij Geleerd'. Dêryn stean antwurden op de fraach hoe't je it gebiet beheare en herstelle moatte. It giet dan bygelyks om mokselbanken.

It jild foar útfiering fan 'e plannen moat út it Waadfûns komme, as kompensaasje foar de gaswinning. De gearwurking is ynjûn troch de klimaatferoarings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)