Kultuerele bestimming finzenis

As finzenis De Blokhúspoarte yn Ljouwert hielendal tichtgiet, moat it monumintale gebou in kulturele bestimming krije. Dat seit wethâlder Yvonne Bleize fan kultuer.
Troch de ferskerpe feiligenseasken nei oanlieding fan 'e Skipholbrân is ien ôfdieling no al sletten. Yn septimber wurdt dúdlik oft it Hûs fan Bewar iepenbliuwt of tichtgiet. It is dreech it âlde gebou oan de easken foldwaan te litten.