Denen tsjin 2-talige buorden

In plan foar twatalige plaknammebuorden yn it grinsgebiet mei Dútslân hat ta in grutte politike rel laat yn Denemarken. Oan de Dútse kant fan 'e grins ferskine hieltyd mear buorden mei teksten yn it Deensk en Noardfrysk.
Lykas de Deenske minderheid yn Dútslân wol no ek de Dútske minderheid yn Denemarken plaknammebuorden yn eigen taal. Keamerlid Soren Krarup is lulk oer it foarstel. "Op Deenske buorden mei allinnich mar Deensk stean."