Histoaryske wyk by Ferwert

© Omrop Fryslân
Ferwert kriget mooglik in histoaryske wenwyk. Amateur-histoarikus Johannes van Dijk en Ferwerter Pyt Nauta binne dêroer yn petear mei de gemeente. Dêryn soe Herjuwmastate herboud wurde moatte en der soene ek in pear huzen yn deselde styl komme moatte.
Yn de state sels soe it fersoargingshûs fan Interzorg in plakje krije kinne. De oare wenten binne foar frije ferkeap. De âlde wyk moat oan de súdkant komme.