Weening wer yn Tour de France

25 jun 2007 - 16:00
  • Pieter Weening (foto Martin de Jong)

Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema giet dizze simmer op 'e nij fan start yn de Tour De France. De Rabobank-ploech makke moandei de definitive seleksje bekend. It is foar Weening de tredde kear dat hy mei rydt yn de Tour.

By syn debút yn 2005 wûn hy de berchetappe nei Gérardmer. Der sitte noch trije oare Nederlanners yn de Rabo-ploech: Michael Boogerd, Thomas Dekker en Bram de Groot.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)