Museum krijt brûnstiidmes

25 jun 2007 - 13:29
  • It mes (rjochts) waard benammen brûkt by it slachtsjen

It iistidemuseum yn Bûtenpost hat in seldsum fjoerstienmes krigen. It stamt út de brûnstiid en is wis 3000 jier âld, tinkt bestjoerslid Lammert Postma fan it museum.

It museum hat it mes krige fan Johan Bokkinga út Wolvegea. Hy fûn it seis jier lyn yn it grinsgebiet fan Fryslân en Oerisel. Doe't Bokkinga earder dit jier yn it museum wie, besleat er it mes oan it museum te jaan. Postma is derfan oertsjoege dat it mes echt is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)