Besite út Roemenië

© Omrop Fryslân
Boargemaster Van_Delft fan de gemeente Menameradiel krijt tiisdei har kollega út it Roemeenske Sanmiclaus op besite. Sy sille prate oer ôffalferwurking. Ek de adjunkt-direkteur fan de skoalle yn Sanmiclaus is derby. Se sille ûnder oare nei it kassegebiet yn Berltsum, nei Frjentsjer en Amsterdam.
De protestantsje tsjerke fan Menaam hat Sanmiclaus yn 1993 adoptearre. In groep giet der alle jierren hinne om minsken finansjeel te stypjen.