Oergetten mei brânber guod

© Omrop Fryslân
In 53-jierrige Ljouwerter is yn de nacht fan sneon op snein oanhâlden foar swiere mishanneling. De man waard sjoen op de Hooidollen yn syn wenplak. Hy sleepte dêr in ferwûne 57-jierrige swalker achter him oan. Dy wie oergetten mei in brânbere floeistof.
De twa hienen in dei earder ek al spul hân. Doe hie de swalker bij de fertochte diesel troch de brievebus getten. It slachtoffer is mei ferwûnings nei it sikehûs brocht.