Ekstra autoplak Koatstertille

25 jun 2007 - 09:57

By it winkelsintrum yn Koatstertille moat noch dit jier ekstra parkearromte komme. Achtkarspelen wol de opknapbeurt dit jier klearkrije. Der komt nije ferljochting en der wurdt nije bestrjitting lein. Fierder komme der bankjes, ôffalbakken en wurde der nije beammen plante.

Gemeente en provinsje betelje goed trije ton fan 'e 350.000 euro. De gemeente praat noch mei ûndernimmers dy't 40.000 euro meibetelje moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)