Partoer Minnesma wint Berltsum

© Omrop Fryslân
De finale fan de frije formaasjepartij snein yn Berltsum gong tusken it partoer fan Sibbele Lootsma, Hylke Bruinsma en Marten Feenstra tsjin dat fan Simon Minnesma, Herman Sprik en Arie den Breejen.
It partoer fan Simon Minnesma wûn de finale op 5-3 en 6-2. De lytse preemje wie foar Klaas Berkepas, Pieter Scharringa en Daniël Iseger. Simon Minnesma wie bylotte yn plak fan de blessearre Johan Abma.