Bussenfol nei de huldiging

24 jun 2007 - 16:19

Njoggen bussen fol ynwenners fan Lippenhuzen binne snein troch sponsor Unilever spesjaal nei It Hearrenfean brocht om oanwêzich te wêzen by de huldiging fan Jong Oranje en trener Foppe de Haan.

De Haan is berne yn Lippenhuzen en hat noch by fuotbalklub Thor spile. De sponsor woe graach alle 1300 ynwenners fan Lippenhuzen de bus ynkrije, mar it waarden der in lytse 500. Jong Oranje waard sneon Europeesk kampioen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)