José v.d. Veen wint brûns
José van der Veen fan Surhústerfean hat sneon by de ynternasjonale Europacup wedstriden yn it Finske Vaasa de brûnzen medalje pakt. Yn in sterk fjild fan 800 meter rinsters kaam se oer de streek yn in tiid fan 2.05,22.
Takom wike is José van der Veen kânshawwer by it Nederlansk kampioenskip atletyk op de 800 meter.