Tryater wol by regioselskip

24 jun 2007 - 13:15

Teaterselskip Tryater sil him oanmelde foar it oprjochtsjen fan in regioselskip. It oprjochtsjen fan de selskippen is in plan fan minister Plasterk fan Kultuer. It Frysktalige selskip wurdt dan opnaam yn de kulturele basisynfrastruktuer.

Dat betsjut dat dy selskippen jild krije fan it Ryk. Tryater-direkteur Bouke Oldenhof is wiis mei it útstel. Neffens him is de takomst fan Tryater no foar lange tiid wis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)