Marcel Beima 'berchkening'

Marcel Beima (foto Martin de Jong)
Hurdfytser Marcel Beima fan Hurdegaryp is de berchkening fan de Ster Elektrotoer wurden. De boltsjestrui kaam yn de lêste, flakke etappe net mear yn gefaar.
De etappe oer 149 kilometer gie fan Sittard nei Eindhoven. Winner waard Mark Cavendish út Ingelân. Winner fan it algemien klassemint wie Sebastiaan Langeveld. Foar Beima wie dizze etappekoers in bêste tarieding foar it NK takom wykein yn Maastricht.