Iepen dei soarchpleatsen

23 jun 2007 - 15:41

Der komme hieltyd mear soarchpleatsen yn Fryslân. Om se bekender te meitsjen hâlde de Feriening fan Friese Zorgboerderijen sneon in iepen dei. Op njoggentjin plakken koene belangstellenden sjen hoe't it op in soarchpleats om en ta giet.

Sorchpleatsen binne bedoeld foar swakkeren yn 'e maatskippij om harren wer wat hâldfêst te jaan. Se kinne dêr wurk dwaan fan griente ferbouwe oant geiten fersoargje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)