Harry Potter presintearre

De Fryske Harry Potter waard presintearre yn in boekhannel yn Ljouwert
Yn Ljouwert is sneon de earste Fryske Harry Potter presintearre. Dat barde yn it bywêzen fan oersetster Jetske Bilker. Se hat it earste diel oerset ûnder de titels De Stien fan de Wizen.
Der binne 3000 eksimplaren printe fan it boek. Mooglik wurdt der noch in Harry Potter-boek oerset. De útjouwerij fan J.K. Rowling wie flot yn de meiwurking oan 'e Fryske ferzje. Bornmeer jout de Fryske Harry Potter út.