Minder 'maritime' earstejiers

23 jun 2007 - 15:12

De seefeartskoalle op Skylge hat takom skoaljier minder earstejiers as oars. Ferline jier wie in topjier mei in lyts hûndert nijelingen. Foar it kommend skoaljier wurde santich ferwachte. Der binne no fjirtich opjeftes foar de oplieding maritym offisier.

De lytsere belangstelling komt neffens direkteur Cross troch de goedrinnende ekonomy. Bedriuwen lokje potensjele learlingen mei moaie oanbiedings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)