Hamburger net yn finale

23 jun 2007 - 15:04
  • Sjoerd Hamburger, ferline jier

Sjoerd Hamburger fan Aldeberkeap is der sneon net yn slagge him te pleatsen foar de finale fan de wrâldbekerwedstriden roeien. De skiffeur einige op de Bosbaan yn Amsterdam as fjirde. Allinnich de bêste trije gean troch nei de finale.

Hamburger kaam nei 6 minuten en 50.94 sekonden oer de finish. Olaf Tufte út Noorwegen wûn it yn Amsterdam. Sjoerd Hamburger komt snein út yn de B-finale.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)