Foarbygonger foarkomt ramp

23 jun 2007 - 15:01

In tafallige foarbygonger hat sneontemoarn op 'e Lemmer in grutte brân foarkomme kind. Hy seach in begjinnende brân yn in wente en warskôge in bewenner. Dy brocht fuortendaliks syn 4-jierrich soantsje yn feiligens.

De foarbygonger en de bewenners hawwe de brân útmakke. De ambulânse moast der noch wol oan te pas komme, omdat ien fan de bewenners problemen hie mei sykheljen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)