Giethoornster mei mes oppakt

23 jun 2007 - 14:43

In ynwenner (21) fan Giethoorn is sneon op It Hearrenfean oanhâlden op fertinking fan bedriging mei in mes. De fertochte hie yn in kroech rûzje hân mei in Feanster. De fertochte swaaide mei in mes en rekke dêrby in 16-jierrich famke fan It Hearrenfean. Se rekke lichtferwûne oan 'e foet.

Mei help fan personiel is it mes ôfpakt en koe de fertochte oanholden wurde. Wat de oanlieding fan de harsenskrabbing wie, is ûnbekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)