Jonges oppakt yn Sint Anne

23 jun 2007 - 14:10

Twa jonges fan 16 en 17 jier binne yn Sint Anne oppakt op fertinking fan geweldpleging en lûdsoerlêst. De 16-jierrige jonge hie in 19-jierrige man út Sint Anne mei in bierfleske op de holle slein. It slachtoffer rekke dêrby ferwûne. Syn 17-jierrige freondinne krige fan de 17-jierrige fertochte in slach yn it gesicht.

Oanlieding wie nei alle gedachten in eardere rûzje. Beide jonges binne pakt nei melding fan lûdsoerlêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)