Toernee Maisfrou ôfsein

23 jun 2007 - 12:25

Nynke_Laverman seit har toernee mei De Maisfrou foar takom seizoen ôf. Der wiene al 27 foarstellings boekt, mar Laverman hat gjin ynspiraasje mear. Se hat twa jier mei it stik op de planken stien. Yn Riis is sneon de lêste foarstelling fan De Maisfrou yn Nederlân. De allerlêste kear dat it stik te sjen is is op 15 july yn Vicenza yn Italië. Foar 2008/2009 wol Laverman mei in nije foarstelling komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)