Mulders nei Omniworld

© Omrop Fryslân
Fuotballer Paul_Mulders wikselet Cambuur yn foar FC Omniworld. De 26-jierrige oanfaller hat by de club út Almere in kontrakt fan twa jier tekene. Mulders hat twa seizoenen by Cambuur spile. Dêrfoar kaam er út foar Haarlem.
Mulders spile yn syn Ljouwerter perioade sechstich kompetysjeduels en makke dêryn fiif goals. Hy kaam by Cambuur net yn 'e beneaming foar kontraktferlinging.