Marcel Beima yn de berchtrui

22 jun 2007 - 22:19

Hurdfytser Marcel Beima fan Hurdegaryp hat him freed yn de keninginnerit fan de Ster Elektrotoer geweldich sjen litten. Beima ried yn de etappe oer 192 kilometer fan Verviers nei La Gileppe mear as 100 kilometer yn in kopgroep fan njoggen man troch de Ardennen.

Troch in protte berchsprinten te winnen krige er de berchtrui om de skouders. Sneon is de lêste etappe nei Eindhoven oer 149 km.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)