Game-feest yn Thialf

22 jun 2007 - 21:16

Yn de iishockeyhal fan Thialf spylje dit wykein in pear hûndert minsken mei-inoar kompjûterspultsjes. De dielnimmers oan 'e LAN-party nimme harren eigen kompjûter mei en slute dy oan op in grut netwurk.

It feest is net allinnich foar de geselligens. Der is ek in kompetysje dêr't prizen wûn wurde kinne. It game-feest yn Thialf wurdt dit jier foar it fjirde jier hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)