Fargeul Flylân wurdt repareard

Rykswettersteat stoart beton yn de geul by Flylân
By Flylân wurdt wurke oan in needreparaasje fan de fargeul. In part leit sa ticht by it eilân dat in stik dyk yn see driget te ferdwinen. Rykswettersteat lit 150.000 ton oan stielslakken, oerbliuwsels fan de Hoogovens, yn de 15 meter djippe geul stoarte. Dat kostet fiif miljoen euro.
By de dyk steane warskôgingsbuorden en op it Waad meie boaten net droechfalle. Foar it stoarmseizoen moat alles op sterkte wêze.