Adventure Run fan start

22 jun 2007 - 15:54

It is 375 kilometer drave, fytse, kanoë en swimme. Dat moatte de dielnimmers oan de Adventure Run troch Fryslân dwaan. Trettjin teams fan trije persoanen dogge der twa dagen oer. En dat alles mei inkeld in kompas en in kaart.

De start wie freed yn de Prinsetún yn Ljouwert. Sneontejûn wurde de earste teams by de finish yn Appelskea ferwachte. Takom jier komt der wer in survivalwedstryd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)