Run op kaarten Jong Oranje

22 jun 2007 - 15:45

Yn in pear sekonden wiene se fuort. De lêste 1000 kaarten foar de finale fan Jong Oranje sneon tsjin Jong Servië op it EK ûnder de 21. Op It Hearrenfean stiene in soad minsken al oeren te wachtsjen.

Net elkenien koe mear in kaartsje krije. Sy sille de wedstriid sneon op televyzje sjen moatte. En snein, as it goed giet, fansels nei de huldiging op It Hearrenfean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)