Frijsprutsen fan ferkrêfting

© Omrop Fryslân
In âld-ambulânse-sjef (45) fan Amelân is troch it gerjochtshôf yn Arnhem frijsprutsen fan ferkrêfting en oanranding fan froulike kollega's.
De man út Nes wie earder troch it gerjochtshôf yn Ljouwert feroardield ta in selstraf mei betingst fan seis moanne, in wurkstraf fan 240 oeren en skeafergoedingen. De saak wie wer by it hôf om't net fêst stiet dat de man de froulju twongen hat. Alve froulju diene oanjefte.