Boete foar loslitten guozzen

22 jun 2007 - 13:43

Twa ynwenners (58 en 49) fan Skearnegoutum binne beboete foar it loslitten fan 14 nuete guozzen yn it natoergebiet by Easterlittens.

De bisten rûnen al jierren by de Oergangswei yn Skearnegoutum en soargen foar in soad oerlêst. Yn april fan dit jier waard in jonkje biten. De boer woe de fûgels ôfmeitsje litte. Troch ferset fanút it doarp is dat net trochgien. De guozzen binne no by in boer yn Skearnegoutum ûnderbrocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)