Fryske taalhelp 2.0 beskikber

22 jun 2007 - 12:56

As opfolger fan de Fryske TaalHelp 1.0 is freed de Fryske TaalHelp 2.0 beskikber kommen. De TaalHelp 2.0 is in skriuwhelp foar de Fryske taal foar it meitsjen of bewurkjen fan Fryske teksten yn Microsoft Word.

It programma bestiet út it Fryske staveringshifker, on-line wurdboeken en in wurdôfbrekker. It programma is makke troch it bedriuw Polderland yn gearwurking mei de Fryske Akademy en de provinsje Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)