Aksje tsjin besuniging skoalle
Fryske skoallen ha yn in iepen brief oan de Earste en Twadde Keamer frege de besunigingen op it fuortset ûnderwiis te kearen. It kabinet hat sein goed 84 miljoen besunigje te wollen, jild dat oars brûkt waard foar fúzjes.
Troch dat bedrach werom te lûken wol it kabinet foarkomme dat lytse skoallen opslokt wurde troch gruttere. Skoallen binne bang dat fral lytse regiolokaasjes de dupe wurde.