Feest Jong Oranje yn H'fean

22 jun 2007 - 09:10

As Jong Oranje sneontejûn yn Grins Europeesk Kampioen fuotbal wurdt, is de huldiging net yn dy stêd, mar op It Hearrenfean. De KNVB hat foar It Hearrenfean keazen, om't dat de útfalsbasis is foar de ploech fan bûnscoach Foppe de Haan.

Jong Oranje ferbliuwt yn Hotel Tjaarda yn Oranjewâld en traint yn Langsweagen. De kaartsjes foar de finale wiene tongersdei yn in omsjoch útferkocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)