'Aldjierfeest by Aldehou'

der wie grut fjoerwurk
Der moat yn Ljouwert wer in grut âldjiersfeest komme neidat der de ôfrûne jierwiksel foar it earst sûnt tiden net mear sa 'n feest wie. Yn it WTC Expo is jierren lang in saneamde Warme Winternacht organisearre, mar dat is ophâlden omdat der hieltyd minder minsken op ôfkamen.
Wethâlder Gerrit Krol fan Ljouwert lit no útsykje of der sa'n evenimint komme kin op it nij ynrjochten Aldehoustertsjerkhôf.