Nij fûns foar Achtkarspelen

21 jun 2007 - 22:45

Bedriuwen yn de gemeente Achtkarspelen kinne yn de takomst meibetelje oan de plannen fan de gemeente. It kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders wol derfoar in spesjaal fûns opsette. Neist it jild fan de ûndernimmers soene yn dat fûns ek de meifallers fan de gemeente stoppe wurde moatte.

Mei it jild dat sa beskikber wurdt, soene ambisjeuze plannen makliker útfierd wurde kinne. De gemeenteried moat noch oer it fûns prate.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)