Jokelyn Tienstra hâldt op

21 jun 2007 - 15:41

Hânbal-ynternational Jokelyn Tienstra set in punt achter har ynterlânkarrière. Dat hat bûnscoach Sjors Röttger fannemiddei befestige. Tienstra, oarspronkelik fan Sint Anne, kaam 175 kear as keepster foar Oranje út.

Begjin dizze moanne ferlearen se fan Kroatië. Dêrtroch docht Oranje net mei oan de Olympyske Spelen yn Sina. Jokelyn Tienstra spilet op it stuit yn Dútslân by Borussia Dortmund.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)