Hanteken tsjin bestjoerskrisis

21 jun 2007 - 13:39

De moasjes fan wantrouwen yn de gemeente Littenseradiel moatte fan tafel. Dat skriuwt in groepke ynwenners fan Littenseradiel yn in brief dy't hjoed hûs-oan-hûs yn de gemeente besoarge wurdt.

De briefskriuwers bale fan de bestjoerskrisis en wolle dat de ried en it kolleezje meiïnoar in oplossing sykje. Wa't it dermei iens is, kin de brief ûndertekenje en weromstjoere. De brief komt wol ryklik let.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)