Mooglik pontsje by Stynsgea

21 jun 2007 - 11:42

Der komt mooglik in pontsje op it Prinses Margrietkanaal by Stynsgea. De gemeente Achtkarspelen sil ûndersykje at der in farferbining mooglik is tusken it fytspaad by de Fabryksfeart lâns nei kafee Blauforlaet.

It pontsje moat in ympuls jaan oan it toerisme yn de streek. It fytspaad oan de Fabryksfeart moat earst noch wol oanlein wurde. Dat gebeurt nei de simmer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)