Seis manlju oppakt by EK -21

21 jun 2007 - 10:12

De plysje hat woansdei om de wedstryd Jong Oranje-Jong Ingelân hinne seis manlju oppakt. Fiif fan har diene ferfelend yn it sintrum fan it Hearrenfean.

It giet om trije ynwenners fan Grins en twa Ljouwerters. Ien fan har krige ek noch in proses-ferbaal foar mislediging en bliuwt noch sân dagen fêst. De sechde fertochte, in man út Nunspeet, waard út it Abe Lenstra stadion set foar baldadigens.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)