Bergsma pakt sulver op 10 km

24 mrt 2012 - 16:02

Jorrit Bergsma út Aldeboarn is sneon twadde wurden op de 10 kilometer by it WK ôfstannen yn Thialf. Yn in rjochtstreeks duel sette Bergsma syn ploechgenoat Bob de Vries fan 'e Haule hast op in rûntsje efterstân. Allinne favoryt Bob de Jong wist yn de lêste rit ûnder Bergsma's tiid fan 12.57.71 te bliuwen. Hy sette de winnende tiid fan 12.53.90 op it boerd en prolongearre dêrmei syn wrâldtitel. It brûns gong nei de Amerikaan Jonathan Kuck mei 13.12.66.

Bob de Vries einige mei syn tiid fan 13.25.74 op it sechsde plak.

De 5 kilometer by de froulju waard sa as ferwachte wûn troch de Tsjechise Martina Sábliková. De grutte favorite sette in tiid fan 6.50.46 op 'e klok. Bêste Nederlanner wie Diane Valkenburg op it fyfde plak mei in tiid fan 7.13.61.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)