Jong Oranje nei de finale

It wie spannend, ek foar de bûnscoach
Jong Oranje, de ploech fan trainer Foppe de Haan, is finalist op it Europeesk Kampioenskip foar spilers ûnder de 21 jier. Yn it Abe Lenstra stadion waard woansdeitejûn Jong Ingelân ferslein.
Nei 90 minuten stie it 1-1. Yn de ferlinging feroare dy stân net. It kaam oan op strafskoppen. Nei 32 strafskoppen skeat Hearrenfean-spiler Gianni Zuiverloon Jong Oranje nei de finale. Tsjinstanner is Jong Servië.