Oranjewoud sponsort Graafschap

© Omrop Fryslân
It yngenieurs- en advysburo Oranjewoud fan It Hearrenfean is de nije haadsponsor fan de fuotbalclub De Graafschap út Doetinchem. Woansdei is it trijejierrige kontrakt mei de earedivyzjeploech tekene. It bedriuw stekt alle jieren in heal miljoen euro yn De Graafschap.
Op de foarkant fan it shirt stiet de namme fan it susterbedriuw Centric. Op de achterkant komt Oranjewoud te stean. Centric wie earder sponsor fan Grins.