Prate oer ûntslach Liemburg

20 jun 2007 - 16:57

De gemeenteried fan Littenseradiel en Kommissaris Nijpels sille takom wike woansdei yn in besletten gearkomste prate oer it ûntslach fan boargemaster Liemburg. Earder dizze wike prate Nijpels ek al apart mei de fraksjefoarsitters en de boargemaster oer it konflikt yn it gemeentebestjoer.

In mearderheid fan de gemeenteried, PvdA en VVD, seine ferline wike it betrouwen yn boargemaster Liemburg op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)