Strjitrôven yn Ljouwert

20 jun 2007 - 10:44

De plysje siket tsjûgen fan twa strjitrôven yn Ljouwert. In 23- jierrige frou fytste mei de gsm oan it ear oer de Dokkumertrekweg. In man dy't op de stoepe stie, draafde nei har ta en pakte de tillefoan ôf.

Oan de Nauwesteeg waard in Ljouwerter (36) oerfallen. Twa manlju fregen om jild, drukten it slachtoffer tsjin de grûn en sloegen him tsjin de holle. Se namen syn beurs en tillefoan mei. Se draafden fuort rjochting Wurdumerdyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)