Warkum ûndersiket nij kompleks

20 jun 2007 - 10:11

Nijefurd lit útsykje hoe't de belutsen organisaasjes foar it plan oer steane om alle trije skoallen, de biblioteek, it pjutteboartersplak, kultureel sintrum De Klameare mei in nije sporthal en in swembad yn ien nij kompleks ûnder te bringen.

It ûndersyk rjochtet him op it draachflak ûnder de organisaasjes dy't in plak krije moatte yn de multy- funksjonele akkommodaasje. Earder waard al oproppen ta in referindum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)