Spannende dei Jeu de Pelote

Jeu de Pelote yn Easterlittens
Op de twadde dei fan it Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote yn Easterlittens binne wer trije wedstriden yn de foarronde ôfwurke.
De striid tusken Weidum en Boazum ferrûn tige spannend. Weidum wûn mei 7-6. Reahûs-Turns hie gjin muoite mei Akkrum. Dat waard 8-1. De thúsklub Easterlittens fersloech Lollum/Waaksens mei 8-2. Woansdeitejûn wurde de lêste trije wedstriden út de foarronde ferkeatst.