Hearrenfean keapet ferdigener

19 jun 2007 - 18:47

Sportclub Hearrenfean hat de Deenske fuotballer Kristian Bak Nielsen oanlutsen. De 24 jierrige Bak Nielsen is in ferdigener. Mar neffens Hearrenfean kin hy ek op it middenfjild en sels yn de oanfal út de fuotten. Bak Nielsen wurdt oernaam fan FC Midtjylland, de nûmer twa fan de Deenkske kompetysje. Hy siet oant no ta twa kear by de Deenske seleksje.

Bak Nielsen tekent yn Hearrenfean in kontrakt foar 4 seizoenen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)